Kompetysje keatsen omloop 1

Moai waar, moaie opkomst, moai keats, mar in min fjild. Dat binnen de stek wurden fan de earste kompetysje wedstriid. It is freed te jun kertier foar sanen ik ha krekt ut ieten op en Jolanda freget oan mij wolst ik even mij nei de stêd? No is dat net myn favorite bezighied dus ik wie bliid dat ik size koe: Sorry dat wurd neat, it is de earste freed fan maaie dus it kompetysje keatsen begjint wer. Doe ik krekt wat letter op it fjild kaam wiene de earsten al op it fjild, Jan Heide wie Jesse wat oan it pelote trainen en ek Jehannes de Jong en Albert Reitsema wiene der al oan it baltsje driuwen.

Dat is al ien perk fol tocht ik en omdat ik wist dat Jouke Wiersma en Reinder Bonekamp ik komme soenen lei ik mar fest 2 perken klear. Sawat healwei achten kamen er noch in pear bij en doe koe ik er noch in perk bij lizze want op dat stuit wiene er 12 keatsers. Om Acht oere wie it melken klear want doe kamen Abe Jepma en Lieuwe Fopma ik noch op it fjild en die koene moai ynskowe sadat we doe 14 keatsers op it fjild hiene. Hoe de wedstriden ferrûn binne kin ik jimme spitigernôch net melde, de earste bal die Albert Reitsema rekke gong yn e boskjes en omdat ik net fan Geart op e kop ha wol bin ik der oan it siikjen west oant ik him hie. Ik kin jimme wol melde dat it tellen slim dreech wie neffens Jehannes de Jong ha hun wol 7 earsten keats mar neffens Jan Heida kin Jehannes net mear telle, wa soe er gelyk ha? De útslaggen: Jelle & Jouke -> Geart & Reinder 3-5/6-6 Jesse H & Jouke B -> Jesse & Klaas 2-5/6-6 Jan, Wisse & Abe -> Jehannes, Albert & Lieuwe 5-5/6-0

Geplaatst op 06 May 2016